Twa Fryske dûmnys yn preekfinale

© Omrop Fryslân
De NCRV besteget dizze en oare moanne rom omtinking oan in opmerklike wedstriid: de preek fan it jier! Hokker predikant sil dit jier de moaiste preek hâlde kinne?
Op 13 maaie is de finale yn Amsterdam tusken fiif oerbleaune kandidaten. Dêrûnder sitte twa Friezen: Jurgen van den Herik fan Drachten en Sytze Ypma fan Midslân op Skylge. Snein wiene by de NCRV al fragminten fan de heale finale te sjen.