Rêdingsboat Skier flotlutsen

© Omrop Fryslân
Rêdingsboat Kening Willem I fan Skiermûntseach hat sneintenacht in Dútse kotter loslutsen. De kotter wie yn it Westgat by Skier oan de grûn rûn. Mei in kollega wie itselde bard, mar dy koe sels loskomme. De Dútse kotter SK18 koe net sels los komme.
It Westgat is troch streaming flink yn beweging. Dêrtroch is de rûte foar it skipfeartferkear net altyd op djipte. Rykswettersteat sil sa gau mooglik mjitte hoe djip it dêr is.