Hearrenfean wint yn Twinte

01 maaie 2006 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean die snein goeie saken troch yn Enschede fan FC Twente te winnen. Ynfaller Jakob Poulsen wie de matchwinner. Hy skoarde yn 'e 87ste minút de iennichste goal. No woansdei is de twadde wedstriid fan 'e finaleronde fan 'e play-offs. Troch de winst hat it Hearrenfean in goeie stap set rjochting Europeesk fuotbal.

Hearrenfean stie yn Twinte wol ûnder druk, mar de definsje bleau knap oerein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)