Twa jonges oppakt yn Drachten

01 maaie 2006 - 13:36

De plysje yn Drachten hat snein op de Bergloane twa jonges oanholden en oppakt. De plysje seach dat ien fan de jonges sûnder helm op in skooter ried en spruts de 15-jierrige jonge út Marum hjir op oan.

De Marumer ûntkende dat hy op de skooter riden hie. Hy waard lulk, beledige de plysje en woe syn namme net jaan. In 16-jierrige ynwenner út Drachten bemuoide him mei dermei en waard ek oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)