Burgum kampioen 2de klasse L

© Omrop Fryslân
Grut feest sneintemiddei yn Burgum. VV Burgum wûn mei 2-0 fan Giel-Wyt Amelân en stelde dêrmei it kampioenskip feilich. Burgum promovearret no nei de earste klasse.
Der wie in soad folk by de kampioenswedstriid. Burgum begûn wat ûnwennich. Klaas de Boer miste sels in strafskop foar de Burgumers, mar troch goals fan Ate Ritsma en Sjouke Anne van Dekken waard der dochs noch wûn en koe der feestfierd wurde.