Soad folk by Sweachster optocht

30 apr 2006 - 14:28

Tûzenen minsken kamen op Keninginnedei ôf op de tradisjinele optocht yn Beetstersweach. De tocht wurdt al hast 60 jier hâlden. Der is yn it doarp dagen wurke oan de 14 weinen. Seis weinen wiene fan in jongereinploech.

De organisaasje wie goed te sprekken oer it nivo fan 'e tocht. Op oare plakken is it wolris in toer om frijwilligers te finen foar it bouwen fan in wein, mar op 'e Sweach is dat oant no ta net in grut probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)