'Eks-wurknimmers bedriigje baas'

© Omrop Fryslân
Befeiligingsbedriuw Schaaf krijt it hieltyd drokker omdat guon ûntslaggen wurknimmers sa lilk wurde dat se harren baas bedriigje. Dat is in tendins fan 'e lêste tiid, sa seit direkteur Schaaf.
Schaaf reagearret hjirmei op in rapport fan 'e AIVD. Dêryn stiet dat der yn 2005 mear as 400 drigeminten utere binne. Dy bedrigings wiene rjochte op persoanen, gebouwen en eveneminten.