Untfangstproblemen foar omrop?

30 apr 2006 - 13:56

Der driigje ûntfangstproblemen foar Omrop Fryslân tv. Dat tinkt direkteur Pim Gaanderse fan 'e omrop. It kabinet hat freed besletten dat de analoge stjoermêst yn Jirnsum yn 'e nacht fan 29 op 30 oktober útgiet. Omrop Fryslân en Nederlân 1, 2 en 3 moatte dan foar eltsenien fergees digitaal te ûntfangen wêze. De sjoggers moatte dat wol in decoder en smartcard keapje.

Gaanderse tinkt dat de Nozema net op tiid klear is foar de nije technyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)