Manlju oanhâlden foar bedriging

30 apr 2006 - 13:06

De plysje hat freed twa manlju oanhâlden foar bedriging. It giet om in Dokkumer(39) en om in oare man(49) ek út Dongeradiel. De twa fertochten hawwe tongersdei in Ternaarder(34) by him thús bedrige mei in fjoerwapen.

De oanlieding foar de bedriging is noch ûndúdlik. Yn de wenning fan de âldste fertochte fûn de plysje twa alarmpistoalen, messen en yllegaal fjoerwurk. Alles is yn beslach nommen, de fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)