Postma twadde yn Meppel

30 apr 2006 - 12:11

Stefan Postma fan De Blesse is sneon yn Meppel twadde wurden fan 'e Oranjeparkrin oer 8.000 meter. Postma kaam yn in tiid fan 27 minuten en 44 tellen oer de streek. Heerke Postma, de heit fan Stefan, hie ien tel langer nedich as syn soan. Neals Strik út Baarn wûn de wedstriid.

De Keninginnerin fan Emmeloard oer 10 kilometer waard wûn troch Rudy van der Lelie út Jobbegea, Willem Faber fan Sint Nyk waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)