Ferlies foar Dr. Boys en ONS

© Omrop Fryslân
Drachtster Boys ferlear sneon op eigen fjild it degradaasjeduel fan DOS Kampen. It waard 0-2 foar DOS. Troch dit ferlies bliuwe de Drachtster Boys nûmer lêst fan 'e haadklasse mei 23 punten út 23 wedstriden. De ploech hat no allinnich noch in teoretyske kâns om degradaasje te ûntrinnen.
Kampioen ONS Snits spile yn Assen tsjin ACV. Troch goals yn 'e twadde helte wûn ACV yn in net al te bêste wedstriid mei 2-0.