'Fleanende euro's' foar fûgels

30 apr 2006 - 11:51

De provinsje stelt foar it tredde jier op rige jild beskikber foar boeren dy't nêsten fan jonge skriezen en tsjirken op it lân ekstra beskermje wolle. De boeren kinne meiinoar 60.000 fleanende euro's ferpartsje.

Ferline jier wie de regeling sa'n súkses dat de 60.000 'fleanende' euro's skjin op giene. De fergoeding foar ien nêst giet omheech fan 40 nei 60 euro. Om mei te dwaan moat it bedriuw fiif skriezenêsten hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)