Zeewolde: Dykstra út 'e skroeven

29 apr 2006 - 17:40

Boargemaster Ype Dykstra fan Zeewolde is tige te sprekken oer it ferrin fan de besite fan Keninginne Beatrix oan Zeewolde. De âld-boargemaster fan Boarnsterhim mocht de Keninginne begeliede en de besite yn goeie banen liede. It waar foel net ta, want Dykstra hjitte de Keninginne wolkom yn in hagelbui.

Foar it oare ferrûn de besite bêst, mei in soad kontakt tusken befolking en de Keninklike famylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)