Bruggink ferlit Hearrenfean

29 apr 2006 - 16:45

Arnold Bruggink sil sc Hearrenfean oan de ein fan dit seizoen ferlitte. Dat ha de 28-jierrige spiler en de klub yn ûnderling oerlis besletten. Bruggink hat in ôfrinnend kontrakt by Hearrenfean en soe graach op 'e nij yn it bûtenlân fuotbalje wolle.

Bruggink stiet op dit stuit yn 'e belangstelling fan 'e Dútse ploech Bochum. Bruggink hat meiinoar twa seizoenen op it Hearrenfean fuotballe. Hy makke 7 goals foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)