Brok: goeie regeling CPS-minsken

© Omrop Fryslân
Der moat in goeie regeling komme foar de 36 meiwurkers fan CPS Color, dy't freed ûntslach oansein krigen. Dat fynt boargemaster Brok fan Snits. De gemeente hat him ynspand om it bedriuw te behâlden, mar dat is net slagge. It wurk wurdt ferpleatst nei de festiging yn Sittard fan it Finske bedriuw.
CPS is it eardere Flexa dat yn 2001 oernommen waard. Doe wie al dúdlik dat it bedriuw yn Snits op termyn slute soe.