Brân tsiisfabryk Warkum falt ta

© Omrop Fryslân
Der hat freedtemiddei brân west yn it suvelfabryk fan Friesland Foods yn Warkum. De brân ûntstie by laswurksumheden. De brânwacht sette in soad minsken en auto's yn, omdat der mooglik gefaarlike stoffen frijkomme soene. Dat barde lykwols net.
It fjoer wie gau út en de skea bleau beheind. Der rekken by de brân gjin minsken ferwûne. It ferwurkjen fan 'e molke - twa miljoen liter deis - rûn ek gjin fertraging op.