Bosvelt bliuwt by sc Hearrenfean

29 apr 2006 - 12:22
Foto: Omrop Fryslân

Paul Bosvelt spilet ek it kommende seizoen foar SC Hearrenfean. De middenfjilder en trainer Gert-Jan Verbeek ha dat freed ôfpraat. Bosvelt (36) liet earder al witte dat er wol langer by de Fryske klub bliuwe wol.

Bosvelt kaam it ôfrûne seizoen oer fan Manchester City. Dêrfoar spile er by Feyenoord, FC Twente en de Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)