'Saak Vaatstra wer ûndersykje'

© Omrop Fryslân
De plysje moat de moard op Marianne Vaatstra op 'e nij ûndersykje en dochs noch in grutskalich DNA-ûndersyk dwaan. Dat seit Twadde Keamerlid Nawijn. Hy hat de ôfrûne moannen in âld-ryksresjersjeur ûndersyk dwaan litten yn de saak.
Ut dit ûndersyk soe blike dat spermaspoaren nea goed ûndersocht binne. Ek soene plysjeminsken wegere ha om mei te dwaan oan it ûndersyk. De moard op Vaatstra wie sân jier lyn.