Mooglik asbest yn steech

28 apr 2006 - 17:59
Foto: Omrop Fryslân

In steech yn de Ljouwerter binnenstêd is freed ôfsletten foar publyk. De gemeente hat dêrta besletten om't der mooglik asbest op strjitte leit. It giet om de Wolvesteech, tusken de Nijstêd en de Haniasteech.

Meiwurkers fan it team Bouwen en Wenjen binne yn de steech om it materiaal te ûndersykjen. De gemeente kin noch net mear ynformaasje jaan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)