Mancadans foar 't lêst te sjen

© Omrop Fryslân
Trije skilderijen fan Jacobus Sibrandi Mancadan binne foar 't lêst te besjen. It Frysk Museum yn Ljouwert toant it wurk fan de Fryske lânskipsskilder út de 17e ieu. Dêrnei moat it wurk werom nei de oarspronklike eigner Goudstikker.
De skilderijen binne fan 1948 ôf yn brûklien fan it Museum. De útstalling is fan 29 april ôf te sjen. It Museum fynt it spitich dat de skilderijen fan Mancadan weromjûn wurde moatte.