Frjentsjer hâldt goed jild oer

28 apr 2006 - 15:53

Frjentsjerteradiel kin dit jier goed 2 miljoen euro byskriuwe op de algemiene reserve. Dat komt trochdat de gemeente yn 2005 goed besunige hat. Earder dit jier makke de provinsje bekend dat de gemeente net mear ûnder finansjele kuratele stiet.

De gemeente hâldt der rekken mei dat guon posten dit jier djoerder útfalle. De miljoen euro dy't oan de doarpen tasein is, wurdt betelle út de hege ynkomsten út de nijbouwyk Witzens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)