Munniksma mei dochs iepen

© Omrop Fryslân
De winkel fan Munniksma yn Koudum mei lang om let iepen. De gemeente Nijefurd en de ûndernimmer Munniksma ha freed op it gemeentehûs in akkoart ûndertekene oer in tydlike gedoochfergunning foar saak oan de Slaperdyk yn doch-it-sels-artikelen.
Begjin april liet de gemeente de saak op slot sette, wylst de iepening pland stie. De gemeente joech doe gjin tastimming foar detailhannel op dat plak.