Galema kandidaat listlûker CDA

© Omrop Fryslân
It CDA Fryslân hat de 43-jierrige Sjoerd Galema fan Hartwert nei foaren skood as kandidaat listlûker en kandidaat deputearre by de steateferkiezings foar 2007. Galema is feehâlder en sit sûnt 1999 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Yn septimber fan dit jier sil Sjoerd Galema offisjeel keazen wurde. Oant dy tiid is der de gelegenheid om mei tsjinkandidaten te kommen.