Stoomtreinferbining Snits-Starum

© Omrop Fryslân
Der komt in stoomtreinferbining tusken Snits en Starum. Dat seit inisjatyfnimmer Max Kooimans. De gemeenten Snits, Nijefurd, Wymbritseradiel en de Provinsje Fryslân binne it iens oer de komst fan de treinferbining.
De trein sil op 6 stasjons stopje. Om te sjen hoe grut de animo is foar in ritsje mei in stoomtrein wurde der yn it wykein fan 6 maaie seis ritten makke. Dy binne no al hast folboekt.