Bedriuweterrein Dokkum op gong

28 apr 2006 - 14:04

De ferkeap fan kavels op it nije bedriuweterrein oan de Rûnwei-Noard yn Dokkum komt einlings goed op gong. Dat sei wethâlder Appelhof tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste fan de gemeente Dongeradiel.

Al yn 2003 is de grûn bouryp makke, mar de belangstelling foar de kavels foel ôf. Wethâlder Appelhof sei dat it bedriuweterrein binnen net al te lange tiid folboud wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)