Undernimmers Drachten binne lulk

28 apr 2006 - 12:37

De gemeente Smellingerlân moat bedriuwen yn it sintrum fan Drachten ferplichtsje om mei te beteljen oan de promoasje fan dat plak. Dat wol de ûndernimmersferiening Handel en Industrie.

Yn Drachten binne bedriuwen dy't har net oanslute wolle by de feriening. Sy profiteare fan de aktiviteiten fan Handel en Industrie, sûnder dêrfoar te beteljen. De gemeente soe ekstra belesting heffe kinne, seit de klup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)