Hearrenfean fierder yn play-offs

© Omrop Fryslân
Hearrenfean is troch nei de finaleronde om in plak yn de UEFA beker. Thús yn it Abe Lenstra stadion waard woansdeitejûn mei 1-0 wûn fan Roda JC út Kerkrade.
It doelpunt wie in eigen goal fan Roda ferdigener Lachambre yn de 29e minút. Ofrûne sneon waard yn Limburch noch 0-0 spile. Hearrenfean komt no sneintemiddei yn Enschede út tsjin FC Twente, dat mei 1-3 wûn fan FC Utrecht.