'Froulju moatte trochwurkje'

© Omrop Fryslân
In tip foar alle swangere froulju of froulju dy't al bern hawwe: bliuw oan it wurk!! Dat advys komt fan minister Sybilla Dekker fan Folkshûsfesting, Romtlike Oardening en Miljeu.
Dekker wie woansdei ien fan de spreksters by in gearkomste fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW yn Ljouwert. Underwerp: de rol fan froulju yn it arbeidsproses. En dan benammen yn de top fan dat arbeidsproses.