Dochs start nijbou Comenius

© Omrop Fryslân
Nettsjinsteande tal fan beswieren fan omwenners is woansdei út ein set mei de nijbou fan skoallemienskip Comenius yn Ljouwert. Troch de bou, Achter de Hoven, sille vwo, havo en mavo foar it earst ûnder ien dak komme.
De útwreiding smyt in soad wjerstân op fan omwenners dy't benaud binne foar twa kear safolle skoalbern troch de wyk. Ek soe de skoalle de wykbewenners oare nijbouplannen sjen litten hawwe as oan de gemeente.