Garânsjefûns foar glêstúnbou

© Omrop Fryslân
Twadde-Keamerleden wolle in garânsje- fûns ynstelle foar de glêstúnbou. Dy sektor hat it dreech fanwege de hege enerzjykosten. De gaspriis leit no op 26 sint it kúb, mar leafst 10 sint heger as ferline jier.
It jild dat beskikber komt soe ynvestearre wurde moatte yn enerzjy- besparjende maatregels. VINK-SION út Bitgum dat paprika's ferbout docht dat al. De túnker wol takom seizoen syn kassekompleks mei de helte ferdûbelje.