Skiep by De Jouwer reklamefrij

26 apr 2006 - 19:45

De keppel skiep by de rotonde fan De Jouwer hat gjin reklame mear op de rêch. De dekjes fan hotels.nl binne ferfangen troch dekjes mei de tekst Groet´n uut Grun. Tiisdei komme der noch 48 skiep by te rinnen.

Boargemaster Bert_Kuipers fan Skarsterlân hie in dwangsom oplein om in ein te meitsjen oan de stunt mei skiep as reklameboard. De ynisjatyfnimmers fine dat dizze sort fan ´shirtsponsoring´ wol kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)