Nije plannen museum Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn it natuermuseum yn Dokkum moat de fêste ekposysje ferdwine om mear minsken te lûken. Dat is it belang- rykste punt yn in beliedsplan fan it museum dat woansdei presinteard is.
Der moat elk jier in nije ekposysje útstald wurde. Sa komme neffens de plannemakkers minsken faker nei it museum ta. Om mear oandacht te lûken sil de yngong oanpakt wurde. Ek moatte de parkearproblemen yn gearwurking mei de gemeente oplost wurde.