Spûkepleats Pleats fan 't Jier

© Omrop Fryslân
De Spûkepleats fan Nanne en Tineke de Vries út Aldwâld is winner wurden fan de ferkiezing 'Fryske Pleats fan it jier 2006'. Neffens de sjuery fan de ferkiezing is de Spûkepleats in moai foarbyld fan in kombinaasje fan in moderne melkfeehâlderij en in goed ûnderholden pleats. De Spûkepleats is in kop-hals-romppleats út 1860.
Foar de ferkiezing wiene 22 pleatsen oanmeld. Hy wurdt organisearre troch de Boerderijenstichting Fryslân.