Haaima en UMCG: reklamepriis

26 apr 2006 - 14:22
Foto: Omrop Fryslân

De radioreklame fan it UMCG yn Grins en de televyzjespot fan autobedriuw Haaima hawwe de Fryske reklamepriis wûn. Der wiene 79 spots ynstjoerd by Omrop Fryslân Radio en Televyzje en by de lokale stjoerder Waterstad FM. De reklameprizen waarden dit jier foar de njoggende kear útrikt.

De reklame fan it Grinser sikehûs is in goed foarbyld fan in net-Fryske organisaasje dy't tûk gebrûk makket fan it Frysk, neffens de sjuery.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)