Warkumer fêst foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa Warkumers fan 18 en 19 jier oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in oare Warkumer, ferline wike snein. It 22-jierrige slachtoffer rekke dêrby swierferwûne.
It slachtoffer waard oansprutsen troch in groepke manlju en krige fan ien fan harren in klap en dêrnei noch ferskate skoppen. Hy rûn ûnder oaren in brutsen ûnderearm op. De plysje hat twa fertochten oanhâlden. Ien is alwer frij, de oare sit noch fêst.