Rjochter jout slaan ta

© Omrop Fryslân
De 48-jierrige rjochter fan it Ljouwerter Hôf dy't fertocht wurdt fan mishanneling fan syn Oekraïnske freondinne jout ta dat er har slein hat. Mar hy hat de frou net swier mishannele en wie ek net fan doel har te smoaren. Dat seit syn advokaat Peter Plasman. Justysje fertinkt de Grinzer wol foar swiere mishanneling en poging ta deaslach. De eks-rjochter moat yn maaie foar de rjochter ferskine.