Brêge gefaarlik foar fytsers

© Omrop Fryslân
De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille is gefaarlik foar fytsers. Dat fynt de direksje fan de pleatslike Oranje Nassauskoalle. De fytsende skoalbern begjinne te slingerjen as auto's der mei faasje delride.
De ôfskieding tusken de rydbaan en it fytspaad soe ferhege wurde moatte. Fierders binne der auto's dy't gebrûk meitsje fan it fytspaad en dat moat ferbean wurde, fynt de skoalle.