Koart pleit oer caravans Midslân

© Omrop Fryslân
De eigner fan camping Schuttersbos yn Midslân (Skylge) spant in koart pleit oan tsjin njoggen gasten. Dy wolle harren steancaravan net ferhúzje nei in oar fjildsje. De camping-eigner wol syn terrein oars ynrjochtsje en dêrom moatte de steancaravans ferhúzje.
De eigners fan de caravans binne it net iens mei de oerpleatsing. Earder hawwe se mei súkses de plannen oanfochten om simmerhûzen op de camping te bouwen.