Mear reklameskiep op De Jouwer

© Omrop Fryslân
Hotels.nl sil tiisdei it tal skiep mei reklamedekjes by de rotonde fan de Jouwer flink útwreidzje nei yn totaal 60. It bedriuw docht dit yn reaksje op it beslút fan de gemeente Skarsterlân om de skiep mei reklame te ferbieden.
De gemeente hat de eigner fan de skiep in twangsom fan 1000 euro deis oplein as de skiep mei de reklame-dekjes net foar jûn 12 oere ferwidere wurde.