100e oarlochsmonumint adoptearre

25 apr 2006 - 10:16
Foto: Omrop Fryslân

Moandei waard yn Ealahuzen it 100ste monumint oerdroegen oan de skoalle "Us nije gea". Fryslân is koprinner by it adoptearjen fan oarlochsmonuminten. Fryske skoalbern ûnderhâlde lanlik sjoen it grutste part fan de monuminten, want mei-inoar binne der lanlik 700 adoptearre.

It sertifikaat fan adopsje waard oerlange troch Erika Terpstra, bestjoerslid fan it nasjonaal komitee 4 en 5 maaie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)