Grutte oefening op Wâldwei

© Omrop Fryslân
Op de Wâldwei wurdt tiisdei-, woansdei en tongersdeitejûn in grutte helpferlieningsoefening hâlden. Der wurdt op in plak tusken de ôfslach Nijegea en Drachten-Sintrum in grut ûngelok yn sêne set. Oan de oefening dogge alve brânwachtkorpsen, de plysje en de ambulansetsjinsten mei.
It ferkear op de Wâldwei sil gjin lêst hawwe fan de oefening en wurdt fia buorden op de hichte brocht.