Euro-aksje Arriva yn fakânsje

© Omrop Fryslân
Busferfierder Arriva hâldt yn de kommende maaiefakânsje wer in Euroaksje yn de streekbussen yn Fryslân. Fan 29 april o/m snein 7 maaie kinne reizgers op wurkdagen fan njoggen oere ôf en yn it wykein de hiele dei foar ien euro ynstappe. In kaartsje is te keap by de sjauffeur.
Omdat Arriva in protte belangstelling ferwachtet sille gruttere bussen ynset wurde. Buertbussen dogge dizze kear ek mei.