Cambuur is rêden

25 apr 2006 - 00:00

Sportclub Cambuur is definityf rêden. Moandeitejûn is it lang ferwachte akkoart tekene oer de ferkeap fan it stadion. De Friesland Bank, de groep fan fjouwer Ljouwerter sakelju en Cambuur waarden it iens oer de finansiering fan de takomst.

Dit betsjut dat op koarte termyn in kredyt fan 3,6 miljoen euro frijkomt. Fan dat jild kinne alle rinnende saken betelle wurde en kinne ek spilers foar it nije seizoen oanlutsen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)