Folle mear ypsykte yn Fryslân

24 apr 2006 - 18:03
Foto: Omrop Fryslân

Der binne folle mear sike ipen yn Fryslân, neffens in ynventarisaasje fan de Stichting Ipewacht Fryslân. Gefolch is dat de bestriding fan de ypsykte folle mear jild kostet as begrutte. De ipewacht wit net wat de krekte oarsaak is fan de taname.

Yn juny wurdt besjoen hoe't de ipewacht fierder sil en hoe't it komt mei de sinteraasje. De Ypenwacht is oardiel jier ferlien opset om foar te kommen dat de yp út Fryslân ferdwynt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)