Berging konteners Skylge klear

© Omrop Fryslân
Bergingsbedriuw Wijsmuller út IJmuiden is klear mei de berging fan de konteners by Skylge, dy't ôfkomstich binne fan it frachtskip P&O Mondriaan. Yn de nacht fan 9 op 10 febrewaris fan dit jier binne by min waar 58 kontainers oer board slein. Tolve konteners mei û.o. skuon spielden oan op it strân fan Skylge.
De oare 46 konteners binne sonken. De konteners binne werom fûn op 43 ferskate plakken.