Ekstra ried Menameradiel

© Omrop Fryslân
Yn Menameradiel wurdt tiisdei in ekstra riedsgearkomste hâlden oer de foarming fan it nije kolleezje fan B&W. Dit moat, omdat de PvdA-leden definityf net ynstimme mei it akkoart mei de FNP, Grienlinks en de VVD. Grutste stroffelpunt is dat de PvdA as grutste partij gjin wethâlder leveret.
In mooglike oplossing soe wêze dat der in ekstra wethalder oansteld wurdt, mar earder is dat eins om finansjele redenen al útsluten.