Antike auto yn 'e brân

24 apr 2006 - 15:23
Foto: Omrop Fryslân

Yn in skuorre oan de Nijewei op De Gordyk is sneintejûn in antike auto út 1959 yn de brân flein. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. De auto is eigendom fan in 41-jierrige ynwenner fan de Gordyk. De plysje moast de dyk efkes ôfsette.

De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik. De wearde fan de auto wurdt skatten op 10 oant 12.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)