Surséânse fan betelling Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur freget moandei definityf surséânse fan betelling oan. Dat betsjut dat direkteur Harjan fan Dam it bewâld oer de club út hannen jaan moat oan in bewâldfierder. De measte skuldeaskers binne akkoart gien mei it rêdingsplan foar Cambuur.
Dat hâldt yn dat se mar 20 persint fan it bedrach krije dat Cambuur harren skuldich is. Fiif à seis skuldeaskers wegerje dat en dus stiet der noch in skuld fan 80.000 euro iepen.