Hamburger wint roeiwedstriid

23 apr 2006 - 16:57
Foto: Omrop Fryslân

Sjoerd Hamburger fan Alderberkeap hat in goeie stap set nei it wrâldkampioenskip letter dit jier yn Ingelân.

Hamburger wûn sneon op de earste dei fan de Randstad Regatta yn Amsterdam de wedstriid yn de skiff. Grutte konkurrint foar in startbewiis foar it WK Dirk Lippits waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)