Bybaantsje foar Foppe de Haan

23 apr 2006 - 16:05

Foppe de Haan sil mooglik in healjier oan it wurk foar it Yndonesyske fuotbalbûn. Jong Yndonesië is fan heal maaie oant heal desimber yn Nederlân en sil besykje him te pleatsen foar de Aziatyske kampioenskippen yn Qatar. De Haan soe yn dat healjier as in soartefan supervisor optrede moatte.

De KNVB moat noch tastimming jaan as ien fan de hjoeddeiske wurkjouwers fan De Haan. Yn maaie is De Haan bûnscoach fan Jong Oranje op it EK yn Portugal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)